Nije trainer foar ONS

11 nov 2005 - 16:21

De 41-jierrige Fred de Boer út Ljouwert wurdt mei yngong fan it seizoen 2006-2007 de nije haadtrainer fan fuotbalhaadklasser ONS Snits. De Boer hat in twajierrich kontrakt tekene. Hy wie ûnder oaren trainer by ACV yn Assen en Be Quick út Grins. It bestjoer en de technyske kommisje fan ONS binne tige ynnaam mei de nije trainer. Fred de Boer folget Hans Alleman en Marcel Valk op, dy't oan it ein fan dit seizoen fuort gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)