Nije tips oer fermiste man

14 jan 2010 - 16:35
  • Gerard Bootsma is noch altiten net fûn

De oprop fan de famylje om út te sjen nei de fermiste Gerard Bootsma út Ljouwert hat fjouwer ekstra tips opsmiten. Dêr docht út bliken dat de man sjoen is yn Earnewâld en Garyp. Tips dy't earder by de plysje binnenkaam binne, wize der ek op dat er yn Earnewâld west hat.

Bootsma is freed fuortrûn út in fersoargingstehûs oan de J.H. Knoopstrjitte. Dêrnei is neat mear fan him fernaam.De famylje is benaud dat er yn Earnewâld yn it wetter rekke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)