Nije terminal foar kontainers

31 maaie 2011 - 21:57

Transportbedriuw MCS út Drachten begjint in kontainerterminal op it Newtonpark yn Ljouwert. De terminal komt by it Van Harinxmakanaal en kostet 8,5 miljoen euro. MCS hat terminals yn Grins en Meppel. De lokaasje yn Ljouwert is foaral bedoeld om alle wiken 300 kontainers fan FrieslandCampina te ferfieren.

De provinsje makket yn it Van Harinxmakanaal in swaaikom, sadat de 110 meter lange kontainerskippen keare kinne. Begjin 2012 is de terminal klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)