Nije technyk: wetter út wyn

28 maaie 2008 - 12:27
  • Sa wurket de wetter-út-de-loft-wynmûne

It Fryske bedriuw Dutch_Rainmaker is dwaande mei in nije technyk dy´t mooglik in oplossing wêze kin foar it droechteprobleem yn grutte parten fan de wrâld. Mei help fan in wynmûne mei dêryn in koelkastke is it harren slagge om wetter út de loft te heljen.

It systeem soe sa goed wurkje kinne dat parten fan ´e Sahara grien wurde soene troch de wynmûnen. Kommende moandei krijt Harns de primeur fan de alderearste wetter-út-de-loft wynmûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)