Nije technyk reparaasje brêgen

19 mrt 2009 - 16:45

Fryslân hat de primeur yn Europa mei in nije technyk om stielen brêgen relatyf goedkeap te reparearjen. De Skarsterrienbrêge by De Jouwer is dizze wike mei dizze technyk oanpakt. De dyk waard ôfrûne wykein oan ien kant ôfsletten.

Reparaasje fan de brêge is mei de nije technyk folle goedkeaper as ferfanging. Dat kostet samar mear as in miljoen euro, wylst de reparaasje minder as fiif ton kostet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)