Nije technyk foar fundearring

30 jan 2009 - 20:24

De IJB Groep fan De Lemmer hat in nije fundearringstechnyk betocht. It giet om in kant en kleare fundearring op stiel dy't brûkt wurde kin at heien net nedich is en de boppegrûn sterk genôch is.

At der op stiel fundearre wurde moat, wurdt der neffens de IJB Groep no in metoade brûkt dy't net goed oanslút op it fierdere bouproses. Dy kostet in soad tiid en is ek aardich lestich. De nije metoade besparret neffens it bedriuw in soad tiid en dus jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)