Nije teater Snits oplevere

18 okt 2012 - 12:08
  • Teater Snits

It nije teater yn Snits is tongersdei oplevere. Wethâlder Sinnema oerlange de kaai oan direkteur Ben van der Knaap. By in oefening lêsten die bliken dat der noch 1300 ferbetterpunten wiene. Dy binne foar in part oplost, mar der binne ek noch sa'n 800 oer. De doar dêr't dekôrs en ynstruminten troch moat, is bygelyks te smel. Der is brekwurk nedich om in gruttere doar te pleatsen. De bou fan it nije teater hat twa jier duorre en 15 miljoen euro koste. Keninginne Beatrix iepenet it teater offisjeel op 1 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)