Nije takomst foar De Wyldeman

11 jun 2014 - 06:54
  • De Wyldeman op De Lemmer
  • De gevel fan de Wyldeman
  • Der wurdt hurd wurke yn De Wyldeman
  • De kommende wiken wurdt hurd wike om alles foar de simmerfakânsje klear te hawwe

'De Wyldeman' op De Lemmer krijt lang om let wer in bestimming. Neidat de lêste eigener der yn 2011 útgie, stiet de monumintale en markante herberch oan de Skulpen op De Lemmer leech. De twa ûndernimmerspearen De Jong en Riedstra binne al in skoft drok yn it spier om de saak nij libben yn te blazen. De iepening is pland foar begjin july.

It gebou is fan 1773 en wie oarspronklik in herberch en letter hotel-kafee-restaurant. De Wyldeman wie jierren yn gebrûk as sintraal plak foar de wedstriden fan it SKS-skûtsjesilen.

De nije ûndernimmers wolle fan de Wyldeman wer 'de húskeamer fan De Lemmer' meitsje. It gebou is by de tiid brocht, mei ûnder oare in lift, mar orizjinele eleminten binne safolle mooglik bewarre bleaun. Ald-riedslid Johannes de Vries fan Gemeentebelangen is bliid dat de Wyldeman wer iepengiet. Hy hie der in soad argewaasje fan dat it gebou leechstie en fertutearze. It is neffens him ek wichtich foar it ferieningslibben yn it doarp dat De Wyldeman wer iepen giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)