Nije sylboat boud yn Heech

21 feb 2014 - 19:15
  • De nije Pointer 25, dy't boud wurdt yn Heech

Op Skipswerf Heeg yn Heech wurdt takom simmer in nije kajútsylboat boud, de Pointer 25. It ûntwerp is al klear en wurdt nije wike presintearre op de Hiswa yn Amsterdam. De boat sil nij sa'n 60.000 euro kostje en is bedoeld om silen, kampearen en komfort te kombinearjen.

Mei alle ynvestearrings dy't foar de boat nedich binne, is it projekt in hiele gok yn dizze krisistiid seit eigener en inisjatyfnimmer Geart Wijma. Mar hy hat der alle betrouwen yn. Wijma hopet dat syn werf troch de nije boat yn de takomst fierder groeie kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)