Nije syktochten nei fermiste Luimstra en Post

04 feb 2015 - 12:13
  • Gert-Jan Luimstra

De plysje siket op 'e nij aktyf nei Gert-Jan Luimstra. De 38-jierrige man út Snits is no hast in moanne fermist. De plysje siket fan ôf de wâl en mei boaten op it wetter om Snits hinne en op de Burgumermar.

By De Jouwer is de plysje wer op syk nei de 78-jierrige fermiste Nico Post. Hjir wurdt by it wetter socht, dêrby wurde ek hûnen ynset. Post wurdt sûnt twa wiken fermist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)