Nije stúdzje meartaligens

31 okt 2012 - 13:45
  • Baret

Fryslân is tige geskikt as ûndersykgebiet foar studinten meartaligens. Dat seit heechlearaar Frysk Goffe Jensma. Studinten kinne takom jier begjinne oan in nije masteroplieding meartaligens oan 'e NHL yn Ljouwert. De stúdzje duorret in jier. De doelstelling is dat tsien studinten begjinne oan de master. Dat moatte eintsjebeslút 24 wurde.

Jensma makke fierders bekend dat de stúdzje Frysk yn Grins rêden is. De RUG komt mei in nije stúdzje meartaligens dêr't Frysk ek ûnder falt.

Earder makke de universiteit noch bekend dat se Frysk opheffe wolle om't der te min studinten binne. Ferline jier kaam der mar ien by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)