Nije studio Radio Waddenzee

28 jul 2007 - 15:50
  • It stjoerskip Jenni Baynton, in earder ljochtskip
  • Discjockey Chris Kennedy ferjochte de iepening fan de studio

Yn Harns is sneon de studio fan it kommersjele radiostasjon Radio Waddenzee offisjeel yn gebrûk nommen. Dizze studio sit oan board fan it skip Jenni Baynton, oan de Suderpier yn Harns. Radio Waddenzee stjoert sûnt in jier as 2 út, fia de middengolf.

De stjoerder is allinnich yn it noarden fan Nederlân te ûntfangen. De Jenni Baynton is it iennige stjoerskip dat op dit stuit noch echt wurket, sa as Radio Veronica en Caroline eartiids.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)