Nije stjoerder Klipkar TV los

25 sep 2011 - 11:39

By it Freeze Festival yn de Harmonie yn Ljouwert is sneontejûn it startsein jûn foar Klipkar TV, in nij televyzjekanaal op ynternet. Op dit kanaal binne 24 oeren deis Fryske klips te sjen.

De Frysk-Grinzer band Fenn drukte op de startknop. De set dy't dêrnei spile waard, is snein op Klipkar TV te sjen. Yn de takomst sil Klipkar TV ek oerdeis en nachts te sjen wêze op Omrop Fryslân Televyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)