Nije stipe foar Noard-Nederlân

17 sep 2014 - 08:26
  • Euro(pa)

Undernimmers yn achterstânsgebieten yn Fryslân kinne oant en mei 2020 finansjele stipe oanfreegje by lokale oerheden. Dat hat de Europeeske Kommisje yn Brussel tiisdei bekend makke. It giet net om Europeesk jild, mar Brussel moast wol tastimming jaan oan de lokale oerheden om dy stipe te jaan.

Dizze foarm fan stipe is net nij, want it bestie ek al yn de perioade 2007-2014. Doe is der lykwols yn Fryslân kwalik gebrûk fan makke, sa seit de provinsje. Neffens Europarlementariër Jan Huitema binne de lokale oerheden no oan set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)