Nije stifting tsjin gaswinning

05 okt 2006 - 09:37

In tal ûntefreden leden fan de Waadferiening hat in nije stifting, mei de namme Nateuropa, oprjochte. Dit om't se it net iens binne mei it bestjoer fan de Waadferiening oer de winning fan gas yn de Waadsee.

It bestjoer hat besletten om net yn aksje te kommen tsjin de gaswinning. De nije stifting fynt dat net terjochte, om't de winning yn striid wêze soe mei de Europeeske regeljouwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)