Nije stifting moat mear toeristen lûke nei Súdwesthoeke

29 jan 2016 - 17:13
  • De start fan de nije organisaasje wurdt ek op de foto fêstlein

In nije stichting moat der foar soargje dat der tenei mear toeristen nei Súdwest-Fryslân en de Fryske Marren komme. De nije stichting bestiet út ûndernimmers út de toeristyske sektor en kriget fan de beide gemeenten jild. Hoe't se it oanlûken fan de nije toeristen oanpakke, litte de gemeenten folslein oan de ûndernimmers oer.

Freed wie it startsein fan de nije stichting. Dy sil no earst in ynventarisaasje meitsje fan alles wat op dit stuit bart op it mêd fan promoasje fan de regio. Hjirfoar wurdt in 'kwartiermakker' oanlutsen.

Dêrnei wolle se besjen hoe't al dy 'fersnippere' aktiviteiten mear op ien line brocht wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)