Nije stichting mei 100 miljoen

03 apr 2012 - 11:48

De Stichting Friesland Bank, dy't earder de oandielen fan de bank behearde, makket ûnder in oare namme in trochstart mei besittingen foar 100 miljoen euro. It giet hjirby om it lânguod Oranjewâld, om de keunstkolleksje fan de bank, om oandielen Van Lanschot en om jild.

Foarsitter Jan de Vries fan de noch nammeleaze stichting wol it jild ten goede komme litte oan 'kulturele, maatskiplike en ekonomyske' doelen yn Fryslân. Hoe't de stichting dit krekt dwaan sil, is noch net bekend.

,,It nijs oer de oername troch de Rabobank is krekt ien dei âld. Wy moatte hjir noch in plan foar meitsje, mar it rendemint fan 'e stichting sil ten goede komme oan de mienskip'', seit Jan de Vries. De stichting hat al besletten om it sponsorjen fan it keatsen oer te nimmen fan de Friesland Bank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)