Nije steiger by Visvliet

08 des 2013 - 13:19
  • De earste peal wurdt slein foar de steiger tusken Boerum en Visvliet
  • De earste peal wurdt slein foar de steiger tusken Boerum en Visvliet

By de rivier De Lauwers tusken Visvliet en Boerum is dit wykein in begjin makke mei de bou fan in bysûndere steiger. De bedoeling is dat der troch dizze steiger mear toeristen nei it gebiet komme. De oanlis fan de steiger is in bysûnder projekt, want it giet hjir om in gearwurking tusken de provinsjes Grinslân en Fryslân.

De steiger komt foar in part op Frysk grûngebiet, mar de kosten binne foar in grut part foar de provinsje Grinslân en de gemeente Súdhorn.

De earste peal fan de steiger waard dêrom slein troch wethâlder Jelle Boerema fan de gemeente Kollumerlân en Fred Stol fan de gemeente Súdhorn. De totale kosten fan de steiger komme út op goed 80.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)