Nije stedskaart foar doarpen

03 jan 2005 - 18:36

Wethâlder Van Mourik fan Ljouwert hat doarpsbelang Himpens/Tearns snein in oanpaste fersy fan de stedsrekreaasje- kaart oanbean. Op de earste fersy fan dy kaart stie Himpens/Tearns net oanjûn. De ynwenners hawwe doe as protest alle kaarten weromstjoerd. Dat gebeurde ek yn Ritsumasyl, want dat stie ek net op de kaart.

De gemeente Ljouwert hat no in pear hûndert kaarten bijprinte litten. Dy wurde yn beide doarpen ferspraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)