Nije Starumer slûs hast klear

05 feb 2014 - 09:54
  • De slûs

De twadde Johan Frisoslûs yn Starum moat op 1 april klear wêze, dan begjint it nije farseizoen. No wurdt der noch hurd oan wurke. Troch de útwreiding moat in ein komme oan de lange wachttiden yn it simmerseizoen. De nije slûs moat dé tagongspoarte wurde foar de rekreant nei Fryslân ta. Sa komt der bygelyks in ûntfangstromte dêr't minsken ynformaasje krije kinne oer Fryslân.

De nije slûs is grien, iepen, miljeufreonlik en enerzjyneutraal. Ek is it makliker om de slûs yn te farren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)