Nije starttoer op starteilân

29 jun 2013 - 17:03
  • Starttoer

Op it starteilân yn de Snitsermar is sneon de nije starttoer offisjeel yn gebrûk nommen. Tusken novimber en april is op it starteilân in hiel nij klupgebou foar de Keninklike Wettersportferiening Snits boud. Belangryk is dat der no romte is foar de protestkeamers.

Oars moasten by grutte eveneminten lykas de Snitswike altyd losse direksjeketen pleatst wurde. Fierder sit der no ek in lift yn, sadat de toer ek tagonklik is foar hendikepte silers. De nije starttoer is net allinnich grutter, mar ek 3 meter heger as de âlde.

De nije starttoer is hielendal betelle troch de KWS sels. Omdat der nachts gjin tafersjoch is by de akkomodaasje, is dy foarsjoen fan in nije alaarmynstallaasje. De offisjele iepening waard dien troch wethâlder Leo Pieter Stoel, dy't in flage hyste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)