Nije start PAC De Lemmer

20 mrt 2013 - 21:52

Jongereinsintrum PAC op De Lemmer krijt in nije start. It sintrum waard yn 2009 oprjochte, mar luts oant no ta te min publyk. Neffens de jongerein kaam dat trochdat der net in goed programma wie en dat it te fier fan it doarpsintrum ôf leit. It jongerewurk yn de gemeente is sûnt koart ûnderbrocht by in nij bedriuw en dat wol no ek in nije wyn waaie litte troch PAC. In jongereinbestjoer is tenei ferantwurdlik foar de aktiviteiten en dat moat der benammen foar soargje dat de wat âldere jeugd fan 15 oant 18 ek nei it sintrum ta komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)