Nije start Meekma Beerenburg

03 mrt 2003 - 00:00

Meekma Beerenburg is moandei oan in nij libben begûn. Oan de Kleine Kerkstraat yn Ljouwert is in nije distillearderij iepene.

Eigner Remy/Cointreau seach ferline jier gjin takomst mear yn it bedriuw en hold der mei op. Koartlyn waard it merk en de reseptuur lykwols oernommen troch frou Van der List. Sy besiket it merk nij libben yn te blazen. Meekma wurdt noch altyd makke neffens âld resept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)