Nije stap by busstaking

01 jun 2008 - 08:21

Snein begjint in staking foar ûnbepaalde tiid yn it busferfier. Foar Fryslân hâldt dat yn dat der net riden wurdt troch de sjauffeurs fan Arriva yn Súdeast-Fryslân, troch de Connexxion-sjauffeurs yn Ljouwert en fanút Boalsert en De Jouwer ride de Interliners net. De sjauffeurs wolle mei de aksje in bettere cao ôftwinge.

Yn Noard- en Súdwest-Fryslân ride de bussen wol. Dêr falle de bussjauffeurs ûnder in oare cao.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)