Nije stakings yn de metaal

02 okt 2013 - 19:42
  • Logo FNV Bondgenoten

Metaalwurkers lizze freed 4 oktober it wurk del. It giet om sa'n 200 wurknimmers út Ljouwert, Dokkum, Feanwâlden, Frjentsjer en Harns. De staking is ûnderdiel fan in estafette-staking dy't op 20 septimber begongen is. De metaalwurkers komme yn aksje foar wurdearring foar it fak, in normale leansferheging en ynfloed op de wurktiden.Dat is belangryk om de metaalsektor oantreklik te hâlden om yn te wurkjen, ek foar jongeren.

De CAO-ûnderhannelings foar de sawol de lyts- as de grutmetaal binne foar de simmer definityf stikken rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)