Nije spuislûzen yn Ofslútdyk

22 maaie 2006 - 12:45

Rykswettersteat ropt de help fan it bedriuwslibben yn by de plannen foar nije spuislûzen yn de Ofslútdyk. De nije sluzen moatte yn de knik fan de dyk komme, westlik fan Koarnwertersân.

Yn de Ofslútdyk sitte no al twa slûzekompleksen, sawol oan de Fryske as de Hollânske kant. De nije slûzen binne nedich om it wetterpeil yn de Iselmar goed te hâlden, no't it klimaat feroaret. De nije spuislûzen moatte oer seis jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)