Nije sporthal foar Ljouwert

11 jan 2011 - 20:00
  • De bern fan Piter Jelles yn de nije hal
  • It nije restaurant (foto's: Omrop Fryslân)

De nije sporthal oan de Rengersleane, achter swimbad de Blauwe Golf, yn Ljouwert, is klear. De bou hat sawat in jier duorre. Tiisdeitejûn wie de offisjele iepening. Omdat op oare plakken yn Ljouwert âlde sporthallen ticht geane, is der grut ferlet fan de nije hal.

Leeuwarden Studiestad, Piter Jelles en de Leeuwarder Scholenvereniging sille de hal brûke. Troch it winterwaar fan de ôfrûne moannen is it grûnwurk om de hal hinne net op tiid klear kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)