Nije sporthal foar Frjentsjer

12 feb 2010 - 12:07

Troch de bou fan in nije sporthal yn Frjentsjer sille der mear grutte binnensporteveneminten nei de stêd komme. Dat ferwachtsje de gemeente en de ûndernimmers dy't in plak krije yn dy sporthal. De nijbou komt yn it plak fan de hjoeddeiske sporthal de Trije, dy't net mear oan de easken foldocht.

As de nije hal klear is wurdt de âlde sloopt. Dêr komme dan ekstra parkearplakken en der is bedriuwsromte ynpland foar in sportbedriuw. De nije sporthal moat ein 2010 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)