Nije sponsors Gewest Fryslân

03 nov 2010 - 07:21

It Gewest Fryslân fan it reedridersbûn KNSB hat tiisdeitejûn nije sponsors presintearre. Neist haadsponsor Kuindersma fan De Jouwer sille Flyer Print, NDC, Bergsma út Makkum, Damstra út Driezum en de Langwardersloep de reedrydseleksje finansjeel stypje.

It Gewest Fryslân hat de ambysjes oanskerpe. Doel is dat de reedriders, as se by de ploech komme, binnen twa jier meidwaan kinne oan it Nederlânsk Kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)