Nije sponsors foar HT-race

25 jan 2013 - 09:37

De HT-race fan Harns nei Skylge kin dochs trochgean. In lytse twa wike lyn like it der noch op dat de organisaasje de finânsjes foar dit jier net mear rûn krije koe, mar it is dochs slagge. Sa is der ûnder oare in nije haadsponsor fûn, en hawwe ek oare bedriuwen en de gemeente Skylge finansjele stipe tasein. Ek de dielnimmende roeiers hawwe drok aksjefierd foar de HT-race op de sosjale media.

De HT-race kaam yn de problemen troch it ôfheakjen fan rederij Doeksen as haadsponsor.

Doeksen kin op dit stuit net mear sponsorje fanwege de striid tsjin de EVT. As it bedriuw der yn 'e takomst wer better foarstiet wol Doeksen eventueel wol weromkomme as sponsor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)