Nije sponsor hurdfytser Beima

20 des 2005 - 10:27

De ploech fan hurdfytser Marcel Beima fan Hurdegaryp hat in nije haadsponsor: Procomm Partners út Barneveld. Marcel Beima waard de ôfrûne moannen by it team helle, dat ûnder lieding stiet fan ûnder oare âld-hurdfytser Jeroen Blijlevens.

De hurdfytsploech hat it ôfrûne seizoen 17 klassikers, etappes en etappekoersen wûn, yn binnen- en bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)