Nije sponsor foar de Flyers

08 jul 2004 - 17:11

IIshockeyklub Flyers út Hearrenfean spilet de kommende trije jier yn de kleuren read en giel. It binne de kleuren fan de nije haadsponsor fan de iishockeyklub, it houtkonstruksje- bedriuw Vadeko út Winsum.

Vadeko is de opfolger fan boumerk Formido, dy't de ôfrûne fjouwer jier sponsor fan de iishockyers wie. Neffens foarsitter Lindeman fan de Flyers kin Hearrenfean op in heech nivo iishockyen bliuwe mei it nije kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)