Nije sponsor foar Cambuur

02 maaie 2003 - 00:00

Fuotbalklub Cambuur hat in nije haadsponsor. It giet om Edel Gras, in keunstgersbedriuw út Genemuiden. It bedriuw leit foar Cambuur ek in keunstgersfjild. It kontrakt is foar in jier, mei in opsje op mear.

Cambuur hat ek in tal nije lytsere sponsors presintearre. De klub hat dêrmei goed buorke, sa sei de foarsitter. De Ljouwerters ha dêrtroch wer wat romte foar ynvestearrings yn it nije jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)