Nije spoedopfang yn Dokkum

26 sep 2008 - 12:32
  • neist it sikehûs is no de spoedopfang

Yn Dokkum is in spoedeaskjende help iepene neist it sikehûs de Sionsberg. Yn datselde gebou is ek in húsartsesintrum en in apoteek fêstige. Dokkumers mei medyske klachten kamen earder daliks by in spesjalist telâne, mar dy hat it net altyd oan tiid. No kinne pasjinten by de spoed komme.

It moaie is dat it gebou neist it sikehûs stiet en dat de linen om te oerlizzen dêrtroch koart binne. Dat is in unike sitewaasje foar Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)