Nije spoarbrêge Grou teplak set

21 sep 2000 - 11:46

By Grou is woansdei de grutste bewegende spoarbrêge fan Nederlân teplak set. Tsientallen minsken kamen op 'e operaasje ôf. De brêge waard tiisdei oer it wetter fan it konstruksjeplak Burgum nei Grou ferfierd.

De nije brêge oer it Prinses-Margrietkanaal is twa meter heger as syn foargonger. Ferwachte wurdt dat de brêge no minder faak omheech hoecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)