Nije spilers Snits Wyt Swart

18 maaie 2009 - 21:35
  • Barry Ditewig sil nei Snits Wyt Swart

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat foar it kommende seizoen trije nije spilers oanlutsen. Alle trije spilers spylje op dit suit noch foar BV Veendam yn de Jupiler Leaque. It giet om keeper Barry Ditewig, Elwin Kloosterman en Kassim Bizimana.

Kloosterman is in oanfallende middenfjilder. Bizimana in oanfaller. Snits Wyt Swart wol noch ien of twa nije spilers oanlûke. De klub hopet dêrmei yn it nije seizoen gjin degradaasjesoargen mear te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)