Nije spilers by Harkemase Boys

02 mrt 2007 - 12:59
  • trainer Korbach hat twa nije spilers ta syn beskikking

Harkemase Boys hat twa nije spilers oanlutsen. Dennis van den Driessche komt oer fan WKE út Emmen. Hy is 21 jier en spilet yn 'e spits. Hy spile earder yn 'e jeugd by Emmen en FC Twente. Nei it fuortgean fan Tony Alberda hie de klub in spits nedich.

De 29-jierrige Drewes Janssen fan Snits hat ek in kontrakt tekene by de ploech fan trainer Fritz Korbach. Earder waard al bekend dat er takom seizoen yn De Harkema spylje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)