Nije spilers foar Cambuur

14 feb 2004 - 00:00

Fuotbalklub Cambuuur fan Ljouwert hat twa nije spilers oanlutsen foar takom seizoen. It nijs wurdt kommende woansdei offisjeel bekendmakke.

It giet om twa spilers dy't no noch foar Go Ahead Eagles fuotbalje. Peter van der Vlag (26) is keeper en hat seis jier foar Veendam en ien jier foar Go Ahead spile. De 22-jierrige Koen Brack is ferdigener en spile fjouwer jier foar Go Ahead. Hy skoarde freed noch de tredde goal yn de wedstryd tsjin Cambuur

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)