Nije spiler foar de Flyers

10 sep 2006 - 14:52

De Vadeko Flyers hawwe de 24-jierrige Jeff Cameron oanlutsen. De ferdigenjend ynstelde spiler komt oer fan de New Mexico Scorpions. Earder kochten de Flyers ferdigener Matthew Moore, mar troch de perikels by de Flyers keas hy, lykas in tal oare spilers, foar de Wolves út Den Haach.

It wie lang ûnwis oft de Flyers wol op it heechste nivo spylje soene. Moandei meitsje de Flyers de folsleine seleksje bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)