Nije sosjale hierwenten Dokkum

26 feb 2013 - 10:23
  • Nijbouplannen oan de Keppels yn Dokkum

Yn de Dokkumer wyk Fonteinslannen wurde sân nije wenten boud. De huzen op de Keppels wurde sosjale hierwenten. Wenningkorporaasje Thús Wonen hat boubedriuw Jellema út Dokkum opdracht jûn mei de tariedings fan de bou te begjinnen.

Yn de rin fan maart sil it heiwurk fan start gean. Ein maart sille de sân nije hierwenten oanbean wurde op de website fan de wenningkorporaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)