Nije software Tytsjerksteradiel

12 feb 2006 - 12:34

Om de ynformaasjefoarsjenning ûnder de amtners fan Tytsjerksteradiel te ferbetterjen, wol it gemeentebestjoer nije software oanskaffe. Mei help fan de nije software kinne amtners notysjes, rapporten en kaarten fia de kompjûter mei inoar útwikselje.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders lûkt 75.000 euro út foar de oankeap fan de nije software.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)