Nije soarch-foarm op Blijenhof

05 aug 2007 - 13:08

Krisisopfang Blijenhof yn Burgum lit seis apparteminten bouwe dêr't minsken mei sosjale of psychyske problemen lear kinne om wer foar harsels te soargjen. It is de bedoeling dat sy op syn meast in jier yn sa'n appartemint ferbliuwe. Der kloppe de lêste jierren hieltyd mear minsken by de Blijenhof oan foar help.

Ferline jier moast de krisisopfang noch 1400 minsken wegerje, omdat der foar harren gjin plak wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)