Nije snieskower foar op iis

28 nov 2003 - 00:00

De iiswegesintrale yn Tytsjerksteradiel hat freed in bysûndere snieskower yn gebrûk naam. De saneamde MAX IV is in amfibyfartúch. Mocht de masjine troch it iis sakje, dan bliuwt er driuwen.

De wein biedt romte oan fjouwer man en hat seis tsjillen om de druk te ferdielen. De MAX kin fjirtich kilometer yn it oere ride. Hy kin ûnder mear ynsetten wurde op de Alvestêderûte, tusken Bartlehiem en de Bonkefeart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)