Nije slogan foar It Fean

30 jun 2013 - 09:19
  • leech terras op It Hearrenfean

It Hearrenfean hat in nije slogan: 'n gouden plak. Mei dizze slogan wol It Hearrenfean him better profilearje nei de rest fan Nederlân. It giet dan ûnder oaren om de grutte sportklups, de VVV, de ûndernimmers en de hoareka. By de slogan heart ek in nije webside en in nij logo.
De slogan is presintearre op de Night of the Koemarkt. 'n Gouden Plak ferwiist net allinnich nei de súksessen yn de ferskate sporten lykas fuotbal, reedriden en turnjen, mar ek nei it ferline. Doe ferstjinnen minsken jild mei turf en fean, dat it brune goud neamd waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)