Nije skyskoalle yn Snits mei dochs iepen

16 sep 2015 - 19:27

De nije skyskoalle yn Snits mei dochs iepen. De rjochter hat dat woansdei besletten. Op yndustryterrein De Hemmen komt it indoor skysintrum. Yn july moast de saak ticht om't it net rjocht dúdlik wie hoe't it mei de fergunningen siet.

De eigener kin no wer fierder gean mei de ferbouwing en tinkt mei in pear wiken iepen te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)