Nije skoarebuorden foar It Fean

01 des 2003 - 00:00

Oan de útwreiding fan it Abe Lenstra- stadion wurdt noch hurd wurke, mar de nije skoarebuorden wurde no al pleatst. De hjoeddeiske meitsje plak foar buorden dy't folle mear mooglikheden biede.

Behalve de klok en de skoare wurdt der ek in ljochtkrante pleatst wêrop allerhande ynformaasje oan de besikers yn it stadion jûn wurde kin. It giet dan om saken lykas opstellings en rêst- en einstannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)