Nije skoalle Warkum iepene

08 nov 2013 - 21:16

Yn Warkum is freed offisjeel de nije Sint Ludgerusskoalle iepene. It âlde gebou fan de katolike skoalle hie in soad problemen. Sa wiene de lokalen winterdeis net goed waarm te krijen en wie der fierstente min romte yn it gebou.

By de direksje wie dêrom al jierrenlang in winsk foar in nij gebou, mar dat hat ûnder oaren fanwege de fúzje fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân lang op him wachtsjen litten. It nije gebou is tagelyk mei de fuotbalfjilden fan Warkum oanpakt. Dat hiele projekt hat goed twa miljoen euro koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)