Nije skjinne brânstof

03 apr 2014 - 21:43

Der is in nije brânstof op de merk, dy't de diselmotoaren op it Fryske wetter superskjin makket. It giet om diseloalje dy't makke is fan ierdgas. By it brûken fan dizze saneamde GTL-brânstof komt gjin CO2 frij. It is dus folle better foar it miljeu. Der is op dit stuit noch mar ien pomp yn Fryslân dêr't boatsjeminsken tanke kinne.

Ynkoarten moatte der yn ien klap fiif by komme. Oanpassings oan tanks en motoaren fan auto's en boatsjes binne net nedich. Der kin gewoan GTL tankt wurde, sels al sit der noch gewoane disel yn de tank.

Op dit stuit sit der noch gjin subsydzje op dizze skjinne brânstof, mar de Fryske GTL-ûndernimmers wolle dat dêr meikoarten feroaring yn komt. Dêrtroch soe de priis fan de relatyf djoere brânstof ek nei ûnderen kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)