Nije skipshuzen yn Snits

10 sep 2006 - 12:21

Der komme nei alle gedachten nije skipshuzen op it jachthaventerrein De Waterpoort by de Woudvaart yn Snits. B&W wolle dêr it bestimmingsplan foar oanpasse. De ried moat dêr dan wol akkoart mei gean.

De plannen binne net nij. Trije jier lyn gie de ried al akkoart mei de komst fan 73 nije lisplakken, ferdield oer twa skipshuzen. Dat plan wie lykwols net rendabel. Der is no in nij plan makke foar de skipshuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)