Nije skipper op d'Heale Moanne

04 des 2009 - 14:37
  • Jacob Zwerver (foto: Martin de Jong)

Jacob Zwerver fan Akkrum is de nije skipper fan d'Heale Moanne fan Drachten. Ferline jier hat er ek al syld op dat skûtsjes, doe wie er fokkenist.

Zwerver foldocht oan de easken fan de SKS. Hy komt út in skippersfamylje; hy is de soan fan Ale Zwerver en Eke Brouwer. Ale Zwerver hat jierrenlang skipper west fan it skûtsje fan De Lemmer en ek Jacob hat dêr yn ferskate funksjes meisyld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)